Sjinkie Knegt jout skeelertips: "Tink om de beskerming"

23 apr 2020 - 18:21

No't de sportskoallen en sportferieningen ticht binne fanwege de coronakrisis hat it skeelerjen yn ús provinsje hurd oan populariteit wûn. Mar om de skeelersport ynienen op te pakken is net altyd maklik. Olympysk medaljewinner en shorttracker Sjinkie Knegt hat noch wol wat tips foar de amateurskeelerers.

De belangrykste tip sit him neffens Knegt yn de feiligens. "Je moatte goed om de beskerming tinke. As je in kear ûnderút gean, dan kin dat rare blessueren opleverje. Dus minsken moatte wol foarsichtich wêze", sa seit Knegt, dy't sels ek skeelere hat. "Ik bin in kear operearre oan de knibbel en dêrnei krige ik faak lêst. Mar ik wit noch hieltyd hoe't it moat."

Knegt mist it skeelerjen dan ek wol in bytsje. "Ik fûn it sa no en dan ek wol moai wurk om te dwaan. Seker yn dizze tiid as je noch in bytsje sporte wolle is it in moai alternatyf."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman krijt skeelertips fan Sjinkie Knegt

Djip sitte

Neffens Knegt is it fierder belangryk om rjocht op de tsjiltsjes te stean en djip te sitten. "Hoe djipper oft je sitte, wat langer oft de ôfset is. Hoe langer de ôfset, hoe hurder ast giest en namste makliker oft it allegear giet", seit Knegt.

"Dêrneist is it belangryk om lang op ien foet te rôljen. Dan litst de enerzjy fan de skeeler it wurk dwaan. It kostet earst efkes wat enerzjy om op gong te kommen, mar dan giet it maklik", seit er. Dat kin wol in bytsje raar fiele. "Yn it begjin fielt alles in bytsje raar. It moat allegear in bytsje wenne", wit Knegt.

En dan is it gewoan in kwestje fan in hiel soad oefenje...

Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie te skeelerjen mei Sjinkie Knegt

(advertinsje)
(advertinsje)