Planetarium en teäter drok dwaande mei oardelmeterekonomy

Yn hiel Nederlân riede bedriuwen harren ta op de nije oardelmetermienskip, sa ek yn Frjentsjer. By it Planetarium hawwe sy der wol fertrouwen yn, mar by teäter De Koornbeurs witte se noch net hoe't se it oanpakke moatte.
Oardel meter: JANKo
Wij bestaan al 240 jaar, dit overleven we ook wel weer.
konservator Adrie Warmenhoven
Konservator Adrie Warmenhoven fan it Planetarium sjocht it wol posityf yn: "We zijn een beetje een kruip-door-sluip-door museum, en dat is in dit geval handig, want we kunnen een mooie looproute maken. Op de route is het redelijk makkelijk om 1,5 meter afstand te houden."
Probleem is de wenkeamer fan Eise Eisinga mei it ferneamde sinnestelsel yn it plafond. Dy keamer is net grut, dus der kinne mar in beheind tal minsken yn. "We gaan uitrekenen hoeveel mensen er veilig tegelijk in deze kamer kunnen, en dat wordt dan ons uitgangspunt."
It is in drege tiid foar it museum, mar Warmenhoven kin ek relativearje: "Wij bestaan al 240 jaar, dus deze periode overleven we ook wel weer."
By Theater De Koornbeurs leit it yngewikkelder. Oardel meter ôfstân hâlde by de kassa en de garderôbe slagget noch wol, mar hoe dogge je dat yn de teäterseal? Direkteur Titia Huisman: "Wy hawwe útrekkene hoefolle minsken oft deryn kinne as je de regels yn acht nimme. Dan komme wy út op maksimaal tachtich besikers. Gewoanwei passe der 435 minsken yn."
In oplossing hat Huisman net. "Ik haw gjin idee hoe't wy op dizze wize in rendabele foarstelling organisearje moatte. Wy sille hurd neitinke moatte oer wat de opsjes binne, mar dit is tige spitich."