Undersyk nei kontenerramp MSC Zoe rint fertraging op

23 apr 2020 - 17:10

It ûndersyk nei de kontenerramp mei de MSC Zoe troch de Onderzoeksraad voor Veiligheid rint fertraging op. Dy is ûntstien trochdat it in hiele komplekse saak is en troch it ynternasjonale karakter derfan, seit wurdfierder Sara Vernooij. "En het coronavirus helpt natuurlijk ook niet", sa seit sy.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It rapport komt yn elts gefal noch foar it simmerskoft. Earder waard de ferwachting útsprutsen dat de resultaten dizze maitiid presintearre wurde soe.

It ûndersyk is rjochte op de farwei boppe de Waadeilannen. De belutsen partijen hawwe it no al tastjoerd krigen foar kommentaar en dat moat noch ferwurke wurde yn it definitive rapport.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid/RTV Noord

Nei de tadracht fan de ramp mei de MSC Zoe rint noch in twadde ûndersyk ûnder lieding fan flaggesteat Panama. De ûndersyksried hat dêr fierder gjin sicht op. Der rint ek noch in strafrjochtlik ûndersyk troch it Functioneel Parket. Begjin dit jier is sein dat dat ek noch moannen duorje soe.

De MSC Zoe ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 345 konteners op de Noardsee boppe de Waadeilannen.

(advertinsje)
(advertinsje)