Waadeilannen stjoere brânbrief oan steatssekretaris: "Het water staat ons aan de lippen"

24 apr 2020 - 08:07

It gearwurkingsferbân fan de Waadeilannen en de provinsje ha tongersdei in brânbrief stjoerd oan steatssekretaris Keijzer. Dêryn uterje se harren grutte soargen oer de problemen dy't de coronakrisis op de eilannen feroarsaket. De ekonomy rint der grutte skea op trochdat de stream toeristen folslein opdrûge is.

Camping Stortemelk op Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Dan giet it net allinne om bedriuwen dy't streekrjocht ôfhinklik binne fan it toerisme, mar ek om oare brânsjes, lykas bakkers, slachters, supermerken, taksybedriuwen en fytsferhierders. En op langere termyn hat de coronakrisis ek gefolgen foar boubedriuwen, swimbaden en musea. De eilannen freegje de steatssiktaris om omtinken foar de spesifike eilanner situaasje.

Eardere stipe net genôch

De eardere needstipe fan it kabinet is neffens Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach en foarsitter fan it gearwurkingsferbân tusken de Waadeilannen, net genôch. "Onze ondernemers hebben voor een deel steun gehad van die 4.000 euro, maar de maatregelen zijn nu verlengd en zij missen echt belangrijke delen van hun seizoen." De Waadboargemasters meitsje har dêr bot soargen oer. "Wij zijn gewend onze eigen boontjes te doppen en nu is het wel een situatie waarin het allemaal moeilijker wordt."

Wetter oan 'e lippen

De boargemasters ha de brief tegearre skreaun mei deputearre Avine Fokkens. "Wij hebben uitgelegd dat het water ons aan de lippen staat. Wij vragen steun van Keijzer en begrip voor de ingewikkelde situatie waar wij nu in zitten. We hopen dat middels een noodfonds bijvoorbeeld de eilanden geholpen worden."

Hoefolle jild der yn dat needfûns komme moat, kin Van Gent noch net sizze. Dêr wolle de boargemasters earst oer oerlizze mei de steatssekretaris. "Wij moeten eerst zorgen dat we begrip krijgen voor de situatie waarin wij verkeren. Daarna zal er wel een bedrag los moeten komen."

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

(advertinsje)
(advertinsje)