FIDEO: "It brânde mei folle krêft, we koene der net yn"

23 apr 2020 - 17:18

"It is yn it sintrum fan de stêd, yn in âld pân mei in protte huzen deromhinne", fertelt boargemaster Buma fan Ljouwert oer de grutte brân yn syn stêd. De boargemaster is sels nei it plak fan de brân gong. "Ik woe sjen hoe't it gong en ha even mei de eigener praat."

"It pân is yn elk gefal fuort. It wie in grutte brân, mar gelokkich sûnder slachtoffers. De brân oan de Kelders stiet ús noch op it netflues. Doe wie der in deadlik slachtoffer, no gelokkich net."

Nei de brân oan de Kelders yn 2013 hat der in soad ûndersyk west nei de brânfeilichheid yn de binnenstêd. "Dat ûndersyk ha ik fansels ek lêzen", seit Buma. "It is goed om te witten wat der bard is. Mar no is it noch te betiid om te spekulearjen oer de oarsaak."

Brânwacht is ek skrokken

Foarljochter Jan Willem Zwart fan de brânwacht seit ek dat oer de oarsaak noch neat te sizzen is. "We binne bot skrokken, dus we ha gau opskaald. It brânde mei folle krêft, we koene der net yn. Earst wisten we ek net oft minsken binnen wiene. Gelokkich kaam letter útslútsel, dat der gjinien binnen wie."

Der binne gjin slachtoffers fallen by de brân, mar de brânwacht warskôget wol foar de reek. "Dat is altyd gefaarlik, dat moatte je noait ynazemje. Dêrom ha we ek in NL-Alert jûn. Set de ruten ticht en doch de meganyske fentilaasje út."

By de brân is ien pân ferlern gien. De gebouwen dêromhinne ha in protte reek- en wetterskea.

Dizze Ljouwerter wennet flakby it plak dêr't de brân wie:

Trefwurden: 
Ljouwert brân Voorstreek Buma
(advertinsje)
(advertinsje)