Treinstasjons Feanwâlden en De Westereen krije nij perronmeubilêr

23 apr 2020 - 16:40

De treinstasjons fan Feanwâlden en De Westereen krije nije bankjes en oar perronmeubilêr. ProRail makket dêr takom wike in begjin mei. Letter dit jier folgje ek noch de stasjons Harns, Hurdegaryp en it eastlike perron fan it haadstasjon yn Ljouwert. Bûtenpost en Ljouwert Camminghabuorren hawwe al nij perronmeubilêr, sa't ProRail it neamt.

Foto: ProRail

Troch de maatregel is der tydlik minder sitgelegenheid op de stasjons dêr't wurke wurdt. Dat kin trije oant fjouwer wiken duorje. Njonken nije banken komme der ek nije healiepen hokjes (saneamde 'abrys'), ôffalbakken, wachtromtes, sitrânen en poefkes.

Mids juny moat alles klear wêze. De ferfanging fan it perronmeubilêr wurdt kombinearre mei wurk oan it spoar Ljouwert-Grins. Dat begjint freed en duorret oant 4 maaie.

(advertinsje)
(advertinsje)