Motorrider bedarret yn sleat by Rottum nei botsing mei auto

23 apr 2020 - 16:02

By in oanriding tusken in auto en in motor op de Badwei by Rottum is de motorrider ferwûne rekke. Troch de botsing bedarre it slachtoffer yn in sleat. Omstanners sprongen deryn om te helpen. De brânwacht hat de motorrider der úteinlik úthelle.

Foto: Jaring Rispens

Dêrnei hat it medysk personiel de helpferliening oernaam. It is net dúdlik hoe slim de ferwûningen fan de man binne.

De dyk is fanwegen it ûngelok ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)