Waadopera giet net troch, te min tariedingstiid fanwege coronakrisis

23 apr 2020 - 15:37

De Waadopera Peter Grimes by de seedyk by Peazens-Moddergat giet dit jier net troch. De opera soe yn septimber plakfine, mar de organisaasje lit witte dat it ûnmooglik is om alles op 'e tiid ta te rieden. Besjoen wurdt oft de opera op in letter momint plakfine kin.

Opera yn it slyk - Foto: Van Plan

"Het is heel spijtig, maar het kon gewoon niet anders. Het is een gigantische productie met een grote aanloop", sa fertelt Arnoud Oosterbaan fan de organisaasje. It soe in grut iepenloftspektakel mei topsolisten út de operawrâld wurde, mei plak foar 1750 besikers by elke foarstelling. Ek soe der in spesjaal dekôr boud wurde. Der wiene al in pear tûzen kaarten ferkocht. Dy bliuwe jildich oant der mear dúdlik is oer hoe't it no komt mei de opera.

"We bevriezen nu alles voor twee maanden. We willen de ontwikkelingen in de maatschappij goed in de gaten houden zodat we een goed besluit kunnen nemen hoe we het verder gaan aanpakken." De organisaasje stribbet nei nije data yn 2021.

Arnoud Oosterbaan fan de organisaasje fan de Waadopera

(advertinsje)
(advertinsje)