Frou omkaam by geweldsdelikt yn wenning yn Toppenhuzen
De swierferwûne frou dy't oantroffen waard yn in hûs oan de H.S. Reinardastrjitte yn Toppenhuzen is ferstoarn. Dat meldt de plysje op Twitter. Neffens de plysje is se slachtoffer wurden fan geweld.
De helptsjinsten waarden oproppen, mar koene net foarkomme dat de frou yn de wenning oan har swiere ferwûningen ferstoar.
Yn de omjouwing is in fertochte oanhâlden. De plysje siket út wat der krekt bard is. De strjitte is ôfset en de forinsyske opspoaring is dwaande mei spoare-ûndersyk.
It slachtoffer en de fertochte wiene bekenden fan inoar, fertelt plysjewurdfierder José van Gijssel. De plysje hat fermoedens dat it giet om in ynsidint yn de relasjonele sfear.