Grutte brân yn sintrum fan Ljouwert is ûnder kontrôle, gjin ferwûnen

23 apr 2020 - 18:00

De brân yn in winkelpân yn it sintrum fan Ljouwert is ûnder kontrôle, mar de brânwacht is noch wol oan de slach. In âlde platesaak oan de Voorstreek is by de brân ferlern gong. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. De plysje hat in grut part fan de binnenstêd ôfset. Ek de grêft is ticht en Liander slút it gas ôf.

Foarljochter Jan Willem Zwart fan de brânwacht en boargemaster Buma fan Ljouwert:

"De brân luts yn it pân", fertelt brânwachtfoarljochter Jan Willem Zwart. "De brân gong nei achteren ta, dus net nei de Voorstreek." De brânwacht koe it gebou noch lang net yn, want dat wie net feilich.

"Al hiel gau wie dúdlik dat it in útslaande brân wie", fertelde Zwart. "We ha direkt mear tankauto's, spuitauto's en heechwurkers ynset. Der wiene ek al gau ambulânses teplak."

Brân yn twa gebouwen

De brân wie yn ien gebou, mar ek njonkenlizzende gebouwen wiene yn gefaar, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust. "It útbrânde pân is fan Wobbe van Seijen." Van Seijen wol sels noch neat sizze. "Ik ben in shock."

De gebouwen dêrneist binne noch in muzyksaak en in kapperssaak. Dy ha wol skea, mar binne net ferlern. Zeldenrust: "De brânwacht besocht mei hammers om it glês stik te meitsjen, om sa fan binnenút de brân te bestriden."

Ruten en doarren ticht hâlde

Der is NL-Alert ferstjoerd oer de reekûntwikkeling yn it sintrum fan Ljouwert. Minsken moatte ruten en doarren ticht hâlde. Minsken dy't yn in hûs yn de omjouwing fan de brân wenje, koene harren hûs net yn.

Yn it útbrânde pân soene twa jonge bruorren wenje. Dy binne it gebou út. De wenning wie krekt ferboud.

Yn it sintrum fan Ljouwert stiene in soad minsken ticht opinoar nei de brân te sjen.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Voorstreek
(advertinsje)
(advertinsje)