Wetterskip Fryslân nimt maatregels fanwegen drûchte

23 apr 2020 - 14:56

Wetterskip Fryslân ferheget fanwegen de drûchte de wetterstannen yn de poldersleatten en -fearten safolle mooglik. Sa besiket it wetterskip it wetter yn de boaiem sa goed mooglik fêst te hâlden. Der is op dit stuit in delslachtekoart fan 60 milimeter yn ús provinsje.

dyk, kade, drûchte, skuorren - Foto: Omrop Fryslân

De fraach nei wetter nimt ta, no't gewaaksen en planten begjinne te groeien en dêrtroch sakket it grûnwetterpeil. Omdat de grûn troch de sinne en de hurde wyn útdrûge is, wurdt hjir en dêr al bereind.

Om oan it ferlet fan wetter te foldwaan, wurdt no wetter ynlitten fanút de Iselmar. Op de hege sângrûnen dêr't gjin wetter hinne fierd wurde kin, besiket it wetterskip it wetter safolle mooglik fêst te hâlden troch keardammen heger te setten.

Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)