Ferset yn Koatstertille tsjin komst transformatorstasjon: "konstante lege bromtoan"

23 apr 2020 - 14:55

Yn Koatstertille is ferset tsjin de mooglike komst fan in transformatorstasjon oan de westkant fan it doarp. Tennet hat foar de bou trije lokaasjes op it each. Njonken Koatstertille komme mooglik ek Burgum en Noardburgum yn de beneaming.

In stroommêst - Foto: Shutterstock.com

In swiere brom, dy't dei en nacht trochgiet, fier te hearren is, en min te kearen troch lûdswallen of muorren.

Pleatslik Belang Koatstertille

Pleatslik Belang hat yn in brief oan de gemeente Achtkarspelen syn soargen utere oer it transformatorstasjon. Se binne benaud foar de lûdsoerlêst. "In swiere brom, dy't dei en nacht trochgiet, fier te hearren is, en min te kearen troch lûdswâlen of muorren. We ha as Plaatselijk Belang Kootstertille faak genôch dúdlik oanjûn dat wat ús oanbelanget de grins fan wat wy as ynwenners oan oerlêst fan de yndustrygebieten yn en om ús doarp ferneare kinne, berikt is."

Biofergister

Wat ek noch meispilet is dat Pleatslik Belang ek, op syn sêftst sein, net bliid is mei in biofergister dy't deun by it doarp driget fêstige te wurden.

"Sabeare grien, yn de praktyk in boarne fan oerlêst foar de omwenners."En dan no ek noch in trafostasjon "wer flak by it doarp, sadat we der as ynwenners allegear ûnder te lijen ha. It mei bekend achte wurde dat jo fan lûdsoerlêst, seker as it oanientriedwei trochgiet, -slim- siik wurde kinne."

De partij freget oan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried om op te kommen foar de ynwenners fan Koatstertille en dat se alle war dogge om de komst fan it trafostasjon op te kearen.

(advertinsje)
(advertinsje)