Kabinet helpt feartsjinsten nei de Waadeilannen mei needlienings

23 apr 2020 - 14:31

It kabinet stelt needlienings beskikber om foar te kommen dat feartsjinsten fan en nei de Waadeilannen ta troch finansjele problemen ophâlde moatte. Dat meldt steatssekretaris Van Veldhoven fan Ynfrastruktuer. Doeksen krijt in liening fan trije miljoen euro en Wagenborg ien miljoen euro.

De snelboat nei It Amelân - Foto: Wagenborg

Troch de coronamaatregels fan de oerheid, en de oprop fan de lokale autoriteiten oan toeristen om fuort te bliuwen, is it oantal passazjiers bot ôfnaam. Krekt yn it normaal drokke foarjier moatte de eksploitanten de ferliezen fuortwurkje dy't sy lije yn de rêstige wintermoannen.

De Terschellinger Stoomboot Maatschappij (TSM) - better bekend as Doeksen - en Wagenborg Passagiersdiensten (WPD), dat fart op It Amelân en Skiermûntseach, binne yn oerlis mei it ministearje wol farren bleaun, mar wol mei in oare tsjinstregeling. Sa bliuwe de eilannen berikber foar needsaaklik ferfier fan persoanen en guod.

Beide bedriuwen lije wol stevige eksploitaasjeferliezen en driigje dêrtroch yn likwidaasjeproblemen te kommen. Dêrom krige TSM in liening fan trije miljoen euro en WPD ien fan 1 miljoen euro. Beide krediten wurde letter dit jier wer ôflost.

Direkteur Paul Melles fan Doeksen

(advertinsje)
(advertinsje)