Stichting Leergeld Ljouwert helpt 1.500 skoalbern oan skoalguod

23 apr 2020 - 14:25

De Stichting Leergeld Ljouwert e.o. hat 1.500 saneamde 'Schoolspullenpassen' beskikber steld. De pas is bedoeld foar bern dy't no yn groep 8 of op de middelbere skoalle sitte en âlders hawwe mei beheinde finansjele middelen. Mei it bedrach dat op de pas stiet kinne de bern by in tal winkels yn Fryslân in skoaltas, gymklean of oare skoalspullen keapje.

Bern op skoalle - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

"Veel ouders hebben door de coronacrisis een terugval in hun inkomen. Maar ook voor de coronacrisis waren er al ouders die niet alle leermiddelen van hun kinderen konden betalen", seit Jet van Gelder, foarsitter fan Stichting Leergeld Ljouwert. "Het gaat niet alleen om gezinnen die in de bijstand zitten. Soms hebben ouders door een terugloop van betaalde uren of tegenvallende bedrijfsresultaten tijdelijk minder inkomen."

De pas is oan te freegjen op de webside Kindpakket.nl. Dêr kinne âlders sjen hokker fergoedingen de stichting hat en oft harren bern dêrfoar yn oanmerking komme. It wurkgebiet fan de stichting beslacht de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Waadhoeke, Harns, Flylân en Skylge.

(advertinsje)
(advertinsje)