Provinsje lit ynspeksjeskip foar 1,6 miljoen euro bouwe yn Frjentsjer

Provinsje Fryslân lit in nij, duorsum ynspeksjeskip bouwe troch skipswerf Talsma yn Frjentsjer. It giet om in folslein elektrysk skip mei in lingte fan goed 15 meter en it moat goed 1,6 miljoen euro kostje. "Een innovatief product en goed voor de economie. Een mooie impuls voor de Friese scheepsbouwsector", seit deputearre Avine Fokkens deroer. Yn de simmer fan 2021 moat it skip klear wêze foar gebrûk.
© Provinsje Fryslân
­­­It skip kin CO2-neutraal farre troch elektryske oandriuwing yn kombinaasje mei in grut pakket batterijen. De akku's wurde nachts mei griene stroom byladen. Dêrneist komme der tsien sinnepanielen op it dak fan de stjoerhutte. It skip sil geskikt wêze om mooglik yn 'e takomst op wetterstofoandriuwing oer te skeakeljen.

Duorsume ynrjochting

In wetterpomp regelet it klimaat yn de stjoerhutte. Ek yn de winter ûntlûkt de pomp waarmte oan it oerflaktewetter. Twa enerzjybufferfetten binne goed foar de opslach fan it ferwaarme wetter. De tapaste materialen yn it skip binne safolle mooglik op basis fan duorsumens selektearre.
It ûntwerp fan it nije skip is makke troch Vripack yn Snits. Skipswerf Talsma yn Frjentsjer sil it bouwe. "It is geweldich dat in Fryske werf dit ynnovative skip bouwe mei. Neist direkte wurkgelegenheid foar ús kin dizze opdracht in spin-off foar takomstige projekten wêze", seit Gerard Cnossen fan skipswerf Talsma.
De werf wurket 16 moannen oan it skip. De provinsje sil it ûnder oare brûke foar ynspeksje, hanthavening en begelieding fan de skipfeart. Dêrneist kin it skip by wettersporteveneminten en kalamiteiten ynset wurde.