Welcome to the Village giet net troch: jild ticket werom, donearje of trochskowe

23 apr 2020 - 12:38

Minsken dy't yn de foarferkeap in kaartsje kocht hiene foar it festival Welcome to the Village yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert, kinne harren jild werom krije. It festival hie wêze sillen op 17, 18 en 19 july, mar dat kin net trochgean fanwege de coronakrisis.

The Soft Moon - Foto: Ronnie Porte

It festival wol minsken har jild wol werom jaan, mar biedt ek oare opsjes. Minsken kinne der ek foar kieze om it festival te stypjen en it kaartsje oan harren te donearjen. En se kinne it ticket ek trochskowe litte nei takom jier. Besikers kinne dan fan 16 oant en mei 18 july 2021 mei itselde tagongsbewiis it festivalterrein op.

(advertinsje)
(advertinsje)