GGD: Twa nije coronastjergefallen, tsien nije positive tests

23 apr 2020 - 12:00

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân wer twa coronastjergefallen by kaam. Dat meldt GGD Fryslân. Dêrmei stiet it totale oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus op 56. Der binne dêrneist tsien minsken posityf teste op it firus. It folsleine oantal offisjeel fêststelde besmettingen komt dêrmei op 476. Op dit stuit lizze der 56 minsken mei corona yn de Fryske sikehuzen. Dat is ien minder as op woansdei.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Keningsdei stiet yntusken foar de doar. De Feilichheidsregio sil op dy dei ekstra strang kontrolearje. "We dogge in driuwend berop oan elkenien om him te hâlden oan de regels, krekt as we ôfrûne wiken dien ha", seit Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân. "Der binne gjin grutte eveneminten, mar der meie ek gjin gearkomsten organisearre wurde, dus der is gjin inkelde romte om in evenemint op strjitte te hâlden. Dêr moatte we ús oan hâlde dit jier."

"Op sosjale media sjogge we al dat minsken in soad digitaal dwaan wolle en dat is fansels prima. Wy ha net de ferwachting der minsken binne dy't grutte iepenbiere frijmerken hâlde wolle. It mei net en wy sille dêr ek op hanthavenje", leit Kleinhuis út.

Twadde weach foarkomme

Ferline wike waarden der wol alternative Keningsspelen organisearre. "Ik soe oproppe om dat net te dwaan. Alles mei binnen de oardelmeterfariant, salang't minsken mar net yn groepen by elkoar komme. As we no efkes folhâlde, krije we net in twadde weach en kinne we stadichoan de boel wer losser sette. Dêrfoar moatte we ús oan de ôfspraken hâlde. Dat jildt ek op Keningsdei, hoe dreech oft dat ek is."

It regear hat fan 'e wike in ferromming fan de maatregels oankundige. Dêr krijt de Feilichheidsregio in soad fragen oer. "Der is in hoop ûndúdlikens en sels wat ûnbegryp oer hoe't dy regels no ta stân kommen binne. In soad ûndernimmers moatte ek oplossings fine. We begripe dat guon sektoaren it dreech ha, mar it kin gewoan net oars. Dy maatregels wurde bytsje foar bytsje losser setten en it is no wichtich om ús te hâlden oan dy stapkes."

Ofstân hâlde by it skoalplein

It kabinet kundige ek oan dat guon bern ynkoarten wer nei skoalle meie. Dêr komme neffens Kleinhuis noch net in soad fragen oer binnen: "Dat falt ta. Se hawwe ek noch tiid en der is al it nedige foarwurk yn dien. We trúnje der ek op oan dat elkenien net tagelyk by it skoalplein oankomt, sadat minsken ôfstân hâlde kinne yn de romte foar de skoalle. Sokke dingen, dêr is hja no mei dwaande. We hawwe noch in pear wiken om it út te finen."

Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)