No wrâldwiid mear trekfûgels online te folgjen lykas de skries

23 apr 2020 - 11:46

It online folgjen fan skriezen op de webside fan Kening fan de Greide hat in ynternasjonaal ferfolch krigen. Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma wreidet it inisjatyf út mei nije globale trekrûten en nije fûgelsoarten mei syn ynternasjonaal 'Global Flyway Network'.

De fûgels binne ek te folgjen op plakken dêr't je eins net komme kinne... - Foto: GlobalFlywaynetwork

Fyftjin jier lyn dreamde Piersma derfan en no is it safier. Piersma: "Myn dream hat altiten west om dy 'Kening fan de Greide'-webside foar de hiele wrâld geskikt te meitsjen." Mar dat kostet tiid, jild en je hawwe fûgels mei stjoerderkes nedich. It giet dan benammen oer wetterwylpen en reade skriezen. Benammen dy lêste soart is ien dy't hiele spektakulêre reizen makket. Der wienen al guon mei in stjoerderke, mar net genôch. Sa hawwe der ôfrûne winter yn Nij-Seelân bygelyks noch fyftjin reade skriezen ekstra in stjoerder krigen. Dy fûgels en oaren binne no op in webside fan it Global Flyway Network te folgjen.

Digitale spoaren fan individuele fûgels - Foto: Globalflywaynetwork

It moaie fan de nije trekrûten en fûgels is dat je no fûgels folgje kinne op plakken dêr't eins gjin minsken komme kinne, lykas Noard-Koreä of de taiga's fan Sibearië. Ien en oar hat ek grutte wittenskiplike wearde, seit Piersma: "Wy tinke dus dat dizze fûgels op in fantastyske wize fertelle hoe't it mei ús wrâld giet. Sy moatte rekken hâlde mei de kwaliteit fan harren leefgebiet oft dat no de greiden yn Fryslân binne of de mangroves fan Guinee-Bissau, mei waar en wyn en sy moatte dêr hinne en wer reizgje. En sy moatte yn libben bliuwe. Trochdat wy dy fûgels sa goed kenne, fertelle sy in hiel soad oer de plakken dêr't se komme."

Harkje nei Theunis Piersma

(advertinsje)
(advertinsje)