Mear meldingen fan diskriminaasje op arbeidsmerk, yn publike opiny en húsfesting

23 apr 2020 - 11:18

It tal meldingen fan diskriminaasje by it diskriminaasjemeldpunt Tûmba is ferline jier mei in tredde omheech gien. Dat docht bliken út de in oersjoch dat Tûmba makke hat yn 'e mande mei oare diskriminaasjemeldpunten yn Noard-Nederlân en de plysje.

De kampanje 'Jij hoort erbij' van Tûmba - Foto: Omrop Fryslân

De Diskriminatiemonitor mei de jongste sifers waard tongersdei bekend. De taname komt mooglik trochdat der mear omtinken wie foar rasistyske ynsidinten by fuotbalwedstriden. Der wiene ek mear meldingen nei oanlieding fan de Swarte Pitediskusje. In oare ferklearring is dat Tûmba ferline jier begûn is mei in spesjale kampanje, #jijhoorterbij. Dy hat mooglik ek laat ta mear meldingen.

Ferdûbeling yn Ljouwert

Foaral út Ljouwert wei krige Tûmba mear meldingen. Dat sifer ferdûbele yn ferliking mei it jier derfoar: fan 76 meldingen yn it jier 2018 nei 144 yn 2019.

Arbeidsmerk

Der kamen ek mear meldingen fan mislediging en útskellerij. In soad melders fine dat de sfear op strjitte ferhurde is. Op de arbeidsmerk wurdt neffens it tal meldingen it measte diskriminearre. Yn 2019 giene 145 fan de 538 meldingen oer ûngelikense behanneling op dat mêd. Dêrnjonken wurdt de publike opiny en húsfesting ek faak neamd.

Trefwurden: 
Tûmba diskriminaasje
(advertinsje)
(advertinsje)