Swarte sifers foar wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

23 apr 2020 - 11:11

De wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hat ôfrûne jier finansjeel goed buorke. It resultaat fan de wurkmaatskippij oer 2019 lit in posityf saldo sjen fan in miljoen euro, sa docht bliken út in foarriedige berekkening. De maatskippij skreau yn 2018 noch reade sifers en hie in tekoart fan goed 1,7 miljoen euro.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei it oerskot lykje de maatregels fan foarich jier fertuten dien te hawwen. Foar it oannimmen en ynhieren fan personiel waard by de wurkmaatskippij fan buorgemeenten in ferskerpe protokol yn it libben roppen. Dit protokol wie in ûnderdiel fan it ferbetterplan om it gearwurkingsferbân goed op oarder te krijen.

De wurkmaatskippij hie yn 2018 noch te kampen mei in flink ferlies. It totale tekoart wie goed 1,7 miljoen euro. In grut part dêrfan waard feroarsake troch ekstra personielskosten.

(advertinsje)
(advertinsje)