Refalidaasjemanager Peter Tammeling: 'Nei fjouwer wiken op de IC komst der min út'

23 apr 2020 - 09:41

Revalidatie Friesland makke woansdei bekend dat se in spesjaal plan opsteld ha foar minsken dy't refalidearje moatte fan it coronavirus. It oantal besmettingen en sikehûsopnames yn it Noarden liket oant no ta ta te fallen, mar ek yn ús provinsje sille minsken herstelle moatte fan COVID-19. Peter Tammeling fan Revalidatie Friesland: "Als je vier weken met corona op de Intensive Care hebt gelegen, kom je er erg slecht uit."

Revalidatie Friesland hat in post-coronabehanneling - Foto: Revalidatie Friesland

Pasjinten dy't wer wat opknappe neidat se it coronafirus hân hawwe, kinne ferskate klachten hawwe. Bygelyks problemen mei it sykheljen, fysike of emosjonele problemen. Revalidatie Friesland hat mei 20 oare refalidaasjesintra yn Nederlân in programma makke. De behanneling kin oanpast wurde op de pasjinten sels. In fysioterapeut en ergoterapeut foarmje de basis, om't it benammen om fysike beheiningen giet. Foar pasjinten mei longproblemen is der ekstra omtinken foar fentilaasje. Fierder is der in behanneling foar itensproblemen, logopedy en psychologyske problemen.

Fjouwer wiken IC hat ympakt

Peter Tammeling, manager refalidaasje by Revalidatie Friesland: "Corona is een nieuwe ziekte. Coronapatiënten die op de Intensive Care hebben gelegen, kun je vergelijken met andere IC-patiënten." Der is neffens Tammeling wol in ferskil wat de belêsting fan it lichem oanbelanget. Somtiden lizze pasjinten wol fjouwer wiken op de IC. "Dan kom je er erg slecht uit. Het gaat om klachten over spieren, zenuwen, bewegen, maar ook psychische klachten. Bijvoorbeeld de angst om dood te gaan."

Plak foar tritich minsken

Yn Beetstersweach binne no twa coronapasjinten yntern foar refalidaasje. Der is plak foar tritich minsken. It is ek mooglik om thús te bliuwen en allinnich polyklinysk in refalidaasjebehanneling te krijen. It is noch net goed te sizzen hoelang't sa'n behanneling duorret, seit Tammeling: "We hebben natuurlijk nog niet echt ervaring op kunnen doen met coronapatiënten. Ook in Brabant, waar de eerste coronapatiënten vandaan kwamen, is de periode nog te kort om dat in te schatten. We houden er rekening mee dat de eerste intensieve revalidatiebehandeling zo'n 6 tot 10 weken duurt."

Peter Tammeling, manager refalidaasje by Revalidatie Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)