Tinteferhierder Van Kammen: "It kin wêze dat der kommend jier gjin eveneminten binne"

23 apr 2020 - 09:36

It beslút fan it kabinet om eveneminten oant 1 septimber te ferbieden, rekket ek de ferhierders fan feesttinten. Ek Van Kammen Tenten & Catering yn Easternijtsjerk wurdt hurd troffen. "We hienen al wol yn 'e gaten dat it ferlinge wurde soe, allinnich mear de ferwachting dat it miskien yn july noch wol in kear opnij besjoen wurde soe", seit direkteur Ale Siemen van Kammen.

Foto: Van Kammen Tenten & Catering

Foar it bedriuw soene no de moannen komme wêryn't se harren brea fertsjinne moatte. "Yn ús brânsj is it sa dat we yn de simmer bufferje foar de winter. Mar der binne in hiel soad minsken dy kinne dy winter no net trochkomme", sa seit Van Kammen. "Al ús materiaal is skjin en klear foar de ferhier. As we neat ferhiere dit jier, dan ha ik kommend jier ek gjin wurk foar de jonges. En ik moat se wol betelje."

Stipe

Van Kammen hopet dat de oerheid de evenemintebrânsj temjitte komme sil. "Dit is fansels oermacht en hjir kin gjinien wat oan dwaan. De sûnens giet foar alles, mar der komme no rare klappen foar de minsken dy't it yn de simmer fertsjinne moatte", sa seit hy. "Wy besykje as brânsjferiening no wol in fûst te meitsjen en fia it MKB it wol ûnder eagen te bringen. Oars kin it ek wol wêze dat der kommend jier gjin eveneminten binne, en dan net omdat it net organisearre wurdt, mar omdat der gjin bedriuwen mear binne."

"It is wol sa dat in hiel soad sponsors de eveneminten no net sponsorje. Dy minsken ha it ek swier en dreech om de boel te organisearjen. Mar wy hope wol dat as it yn septimber frijjûn wurdt, dat we der mei syn allen op ynspringe kinne en dat we net tinke yn muoilikheden", sa seit Van Kammen.

Ale Siemen van Kammen oer de coronakrisis

(advertinsje)
(advertinsje)