Fideodeiboek: "Door mijn visuele beperking kan ik helaas niet op de openbare weg fietsen"
Paralympysk hurdfytser Tristan Bangma lit yn syn vlog sjen hoe't hy no syn trainingsoeren makket. Gewoanwei traint hy tegearre mei tandempiloat Patrick Bos. Mar hy kin by in training gjin 1,5 meter ôfstân fan him hâlde. Dêrom hat er no in fyts efter yn syn tún te stean.
VLOG Tristan Bangma
Mear vlogs fan Tristan Bangma de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Tristan Bangma
Tristan Bangma (22) wennet yn Apeldoorn, mar waard berne yn Donkerbroek en is para-hurdfytser. Doe't er tsien jier wie kaam hy der achter dat hy net goed sjen kin. Yntusken sit hy yn de nasjonale seleksje en wûn er yn 2016 goud op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Sûn en fit bliuwe foar de folgjende Olympyske Spelen hat no syn prioriteit, dus hy is in soad dwaande mei krêfttraining.