Kollum: "Simpel"

23 apr 2020 - 08:21

"It is net nedich om Technyske Bestjoerskunde studearre te hawwen, om te begripen wat foar ûnbeskofte ikels de managers fan Booking.com binne. It bedriuw hat yn jannewaris noch foar miljarden oan eigen oandielen kocht, om de oandielhâlders bliid te meitsjen. En no yn 'e coronakrisis kloppet it foar stipe oan by ús oerheid. D66-keamerlid Steven van Weyenberg wol no easken foar bedriuwen dy't stipe freegje: gjin boanussen, gjin dividint en net eigen oandielen keapje. It liket my it minste, en ried ris hokker managers gjin fan dizze finkjes sette kinne? Just, dy oplichters fan Booking.com.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Yn 'e boekekast fan ús kening leit it boek 'Management made simple'. It wie dizze wike te sjen op in foto op it twitterkanaal fan it Koninklijk Huis. Ik mei graach yn de boekekasten fan minsken snuffelje, al is it útsjen mei it lûken fan konklúzjes op basis dêr fan.

It boek is skreaun troch Mickey Huibrechtsen, âld partner fan organisaasje-advysburo McKinsey, en âld ministerskandidaat foar de LPF. De LPF, in skoalfoarbyld fan simpel management. It boekje kostet tweintich euro en ôfgeand op de resinsjes op bol.com is it foaral populêr ûnder studinten yn Delft. Technyske Bestjoerskunde, nim ik oan.

De gearfetting is net mis; Huibrechtsen seit dat we in fûnemintele rekonstruksje nedich ha fan de systemen en ynstitúsjes dy't ús bestjoere. Dat ús mienskip oan it ein fan de wei kommen is. Altyd even oppasse as in âld-LPF'er soks seit. Der is gjin takomst foar gjin inkeld -isme, sa skriuwt 'r, of it no om sosjalisme of kapitalisme giet. Nee, we ha organyske ynstitúsjes mei in helder byld fan doelen en wearden nedich. Wa stjoert in eksimplaar nei Booking.com, soe ik sizze. It boekje is yn it Ingelsk, en de gearfetting slút ôf mei dat it boek relevant is foar elke manager dy't neistribbet 'to see the forrest through the trees'. Se sizze yn dy taal earder 'can't see the forrest for the trees', mar wa let op sokke details as je de hiele maatskippij omgoaie moatte.

Wat moat ús kening mei dat boekje? Yn 'e dokumintêrerige 'De Zware Jas van Beatrix' fan de NTR - no noch online te sjen - wurdt nochris ferteld dat de âld keninginne net safolle op hie mei de LPF. By de opkomst fan dy partij ein 2001, brûkte se har krysttaspraak om har soargen kenber te meitsjen. In moanne dêrfoar wie Pim Fortuyn keazen ta listlûker fan de LPF, mei it bekende 'at your service'-momint. Ik sitearje de voice-over fan de NTR: 'koningin en populist staan lijnrecht tegenover elkaar.' De keninginne seit dan:

Tot de beginselen van onze democratie behoren in ieder geval erkenning van verscheidenheid in levensovertuiging en respect voor geloof van een ieder.

No, dêr tochten Fortuyn en de LPF oars oer. Sa't ik sei, je moatte útsjen mei it lûken fan konklúzjes op basis fan in boekekast. Mar dit is net samar in boekekast, dit is de boekekast fan de soan fan de âld keninginne. Dit is in 'gecureerde' boekekast; in boekekast dêr't troch in ferskaat oan foarljochters oer neitocht is. En nee, dit boekje fan 170 bledsiden falt amper op, mar as se woene dat we dit wurkje fan in âld LPF-er écht net seagen, dan lei it der net. De kroan beweitsje is in sekuer putsje, sa leart de dokumintêre ús.

'Management made simple'. Hoe langer ik oer dy titel neitink, hoe mear it my fernuveret. Soe Mark Rutte it lêzen ha? Rutte hat op it stuit in managementtaak dy't net te benijden falt. Meitsje dat mar ris simpel.

Mar ik moat Huibrechtsen net ôfkreakje. De bêste man is al lang mei pensjoen, en is net LPF-minister wurden, krekt út ûnfrede oer hoe't it by de partij gie. En ek de kening moat ik net op sitte te rossen. Yn it algemien net, en no seker net. Dy siet yn syn poloshirt te skypen mei soarchynstellingen nei oanlieding fan it coronafirus. Mar is it dan gjin irony dat krekt dit boek op 'e planke leit by de kening? Krekt yn dizze tiid, wêryn't gjin inkelde manager it simpel hat? Behalve dan fansels de managers fan Booking.com."

(Advertinsje)
(Advertinsje)