Keurmerk sit greidefûgelbehear yn it paad

De kombinaasje fan it keurmerk 'On the way to planetproof', dêr't ûnder oare FrieslandCampina oan meidocht, mei yntinsyf greidefûgelbehear is gjin lokkige. Dat ûnderfine guon boeren dy't oansluten binne by de agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden. Sy lûke hjiroer no oan 'e bel.
Keurmerk sit greidefûgelbehear yn it paad
It probleem is dat fûgeltsjelân minder goed fretten foar de kij opsmyt. En dat wylst it in betingst fan it keurmerk is dat je safolle mooglik fretten fan je eigen lân helje moatte.
"It keurmerk is op himsels hartstikke goed. Sy wolle fan alles meinimme, mar wat je sjogge is dat as je oan in hiel soad greidefûgelbehear dogge en je it gers langer stean litte, je net mear oan it hiele klimaatferhaal mei de CO2 opslach foldwaan kinne. En je kinne net foldwaan oan de eask dat je safolle mooglik alle aaiwyt fan it eigen lân helje. Dêr sit de spanning einliks yn", seit foarsitter Albert van der Ploeg fan agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden.
In plasdras foar greidefûgels yn de Noardlike Fryske Wâlden © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Langer gers is minder gers

It gers op lân dêr't foar greidefûgels soarge wurdt, wurdt letter meand. Van der Ploeg: "As it gers langer trochgroeit dan sit der minder kwaliteit yn. Der binne ek boeren by dy moatte dan fretten fan oare plakken oanhelje om der foar te soargjen dat de kij goed molke jaan bliuwe en dan spoart it net mei de klimaatmodule."
En as je oan ien fan de easken net foldogge, kinne je net meidwaan oan it keurmerk. En dat keurmerk smyt oars wol ekstra molkejild op.
Gers yn in greide © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Mooglik is der op termyn al in oplossing foar te finen, tinkt Van der Ploeg. Greidefûgelfreonlike greiden mei krûden soene it klimaatgas C02 better opslaan. Mar dat ûndersyk rint noch.

Kompensaasje

De agraryske natuerferiening wol foarkomme dat boeren kieze moatte foar minder greidefûgelbehear en wolle dat harren oanpak ek yn oanmerking komt foar it keurmerk. Dêrfoar soe it mooglik wêze moatte om op ien of twa punten net te foldwaan oan de betingsten en soks te kompensearjen mei de ekstra ynset op bioferskaat yn it fjild mei greidefûgelbehear.
Ljip yn de Warkumerwaard © Remco de Vries

In earlike kâns krije

Boer Jaco den Hartogh fan Lytsewâld is ien fan de boeren dy't hjir mei sit: "Samengevat komt het er op neer dat we een eerlijke kans willen hebben als je veel land in natuurbeheer hebt. Dan krijg je automatisch meer enthousiasme voor het weidevogelbeheer."
"We melken meer dan twee miljoen liter melk per jaar. Bij twee cent extra voor planetproof melk is dat 40.000 euro extra per jaar waar je weinig voor hoeft te doen. Die kans hebben we nu niet omdat we niet efficiënt zijn. We hebben de kans alleen als we 45 hectare weidevogelbeheer eruit gooien. In mijn ogen is dat niet wenselijk."
Neffens Den Hartogh is it saak om hjir wat oan te dwaan foardat de kontrakten daliks wer mei seis jier ferlinge wurde.