Dogge wy yn de takomst in ienrjochtingskuier troch it winkelsintrum?

23 apr 2020 - 06:45

In ienrjochtingskuier troch in stêd of doarp by hoareka, winkels en in museum del. De ûndernimmers betinke dan wat je drinke en ite kinne en dat kin je dan wer ôfhelje op ien plak en op in plein, op ôfstân fan inoar feilich opite en drinke. It is it plan dêr't Monica Burgmeijer fan Grins in priisfraach fan de Noardlike ûndernimmersferienings, de NDC Mediagroep en marketingorganisaasjes mei wûn hat.

Sieger Dijkstra foarsitter fan VNO-NCW Noord, Monica Burgmeijer en Barbara Risselada fan Marketing Groningen - Foto: Sebastiaan Rodenhuis

Mei inoar binne der 230 plannen ynsjoerd. It giet dan ûnder oare om ferpleatsber sanitêr foar op de camping, in oardel meter Alvestêdetocht en in plan foar in oardel meter terras. Neffens de sjuery hat it plan fan Monica Burgmeijer potinsje. It kin de swier troffen hoarekasektor wer wat perspektyf biede. Der sil no sjoen wurde hoe't dit plan goed útwurke wurde kin sa't bedriuwen der mei oan de slach kinne.

Baan kwyt, priis wûn

Foar Burgmeijer sels is it in priis mei twa siden. Se hat sels ferline wike te hearren krigen dat se har baan yn de hoareka kwytrekke is fanwege de coronakrisis. No mei se hjir mei oan de slach: "Ja, daar ben ik echt heel erg blij mee. Ik moet nog horen hoe alles gaat werken en wat ik kan doen maar dit is goed nieuws."

No de kultuer

Der komt no ek in twadde priisfraach. De Noardlike ûndernimmersferienings, de marketingorganisaasjes en de kulturele sektor yn Noard-Nederlân freegje no om plannen yn te stjoeren foar de 'oardelmeterkultuer'.

Monica Burgmeijer oer har winnende plan

Trefwurden: 
toerisme coronakrisis
(advertinsje)
(advertinsje)