Liveblog | 23 april 2020

Coronanijs 23 april: Sûnt útbraak 56 Friezen stoarn oan coronafirus

Folgje hjir it lêste Fryske nijs oer de coronakrisis.
Lêst bywurke: 23 april 2020, 22:56
tongersdei 23 april 2020
22:55

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Dit wie it wichtichste coronanijs fan tongersdei 23 april:
Freed binne we der wer mei in nij liveblog oer de coronakrisis.
22:37

Goeddogger betellet bergingskosten ambulânsebus Kijlstra

21:46

Fryske hoareka hat it swier, mar wurdt ek kreatyf

Tsientallen hoarekabedriuwen geane dizze moanne fallyt. Dat ferwachtet it hoarekabûn Fryslân. Kroegen en restaurants moatte noch oant 20 maaie tichtbliuwe en dat is foar in protte ûndernimmers net mear fol te hâlden. Oaren besykje fan alles om dochs noch wat te fertsjinjen.
Swiere tiden hoareka
21:30

Waadhoeke komt mei searje coronafilmkes

20:29

Fideodeiboek fan dosint Gerrit Zandbergen

Gewoanwei helje eksamenstudinten grutte stunts út op harren lêste skoaldei, mar net dit jier. Gerrit Zandbergen is dosint op it Drachtster Lyceum en fertelt deroer yn syn vlog. De learlingen op syn skoalle ha yntusken wol in oare wize fûn om harren skoalperioade ôf te sluten. Mear vlogs fan Gerrit Zandbergen de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Gerrit Zandbergen vlog
20:00

"Wat mij zin geeft? Dat ik dit werk kan doen."

Coronapasjinten geane troch djippe dalen. Geastlik fersoarger Jan Willem Uringa fan it MCL nimt de pasjinten by de hân en rint mei se mei, somtiden oant it lêst. In petear mei Uringa oer sinjouwing, fertriet en kwetsberens fan de mins.
Jan Willem Uringa