SKS: "Wy moatte ús jubileum wol op ien of oare wize fiere"

22 apr 2020 - 22:14

It bestjoer fan de SKS tinkt nei oer de mooglikheden om dochs 'wat' te organisearjen yn de fjirtjin dagen dat oars it SKS kampioenskip fersyld wurde soe. Dat sei foarsitter René Nagelhout nei de bestjoersgearkomste woansdeitejûn. "Om hielendal neat te dwaan yn ús jubileumjier is skande", sa sei er.

Foto: ANP

It 75ste SKS kampioenskip stie fan 18 oant 31 july yn 'e aginda. No't it kabinet besletten hat dat alle grutte eveneminten oant 1 septimber net trochgean meie, kin der ek net syld wurde. De searje wedstriden om it SKS kampioenskip is yn de rin fan de jierren útgroeid ta it drokst besochte publykssylspektakel yn 'e wrâld. Tûzenen minsken folgje de wedstriden oan 'e wâl en yn boatsjes op it wetter. Boppedat wurdt oer de hiele wrâld sjoen nei de telefyzjebylden dy't Omrop Fryslân útstjoert.

Wat der yn dy twa wike dan krekt organisearre wurdt, kin René Nagelhout noch net sizze. "Wy wolle earst mei ús leden prate, en we hawwe it ek noch net hiel konkreet foar eagen, mar dat wy wat wolle stiet wol fêst. Wy wolle dêrby tinke yn kânsen en net yn muoilikheden", sa seit Nagelhout.

(advertinsje)
(advertinsje)