Soad tsjinstimmen by beneaming Diks ta wethâlder fan Grins

22 apr 2020 - 21:17

Isabelle Diks is woansdeitejûn offisjeel beneamd ta wethâlder fan de gemeente Grins, sa skriuwt RTV Noord. De stimmerij moast troch de coronamaatregelen op in bysûndere wize plakfine, en de âld-wethâlder fan Ljouwert krige in soad tsjinstimmen.

Foto: Gemeente Groningen

Om't de ried fan Grins net fysyk byinoar wêze mei yn ferbân mei de coronakrisis, moasten se ien foar ien nei it gemeentehûs komme om mei in briefke te stimmen.

Diks waard net unanym keazen: 20 riedsleden wiene tsjin de beneaming, wylst 24 foar wiene. Ien GrienLinks riedslid stimde net, om't dy net by de gearkomste wêze koe.

De SP is ien fan de partijen dy't tsjin de beneaming is. Fraksjefoarsitter Jimmy Dijk fynt dat Grins in wethâlder fertsjinnet 'sûnder twiveleftich ferline, en in wethâlder mei in bining mei Grins.'

Diks rekke ôfrûne jier yn opspraak nei't bekend waard dat se as Twadde Keamerlid wachtjild krige. Om't de fergoeding fan in Twadde Keamerlid leger is as de fergoeding foar in wethâlder yn de gemeente Ljouwert, liet Diks it bedrach oanfolje.

Trefwurden: 
Grins Isabelle Diks
(advertinsje)
(advertinsje)