Man mei meardere stekwûnen oantroffen yn Snitser wente; frou oanhâlden

22 apr 2020 - 20:44

Yn in wente oan de Brédyk yn Snits hat de plysje woansdeitejûn in man fan 69 oantroffen mei meardere stekwûnen yn syn lichem.

Foto: CAMJO Media

De man is nei it sikehûs tabrocht, it is net bekend hoe't it mei him is.

In frou fan 58 is troch de plysje oanhâlden foar belutsenens by it stekynsidint. De frou en de man wennen tegearre yn de wenning. De stekpartij is neffens de plysje in gefolch fan in sitewaasje yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
plysje Snits stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)