Snoeken kinne no skûlje yn Grootdiep en Boven Tjonger

22 apr 2020 - 20:17

It wurk oan de fearten Grootdiep en Boven Tjonger yn Eaststellingwerf is klear. Beide fearten binne baggere en ferbrede. Ek hat Wetterskip Fryslân dêr trije fiskpassaazjes oanlein.

Foto: Google Street View

Troch de ferbreding is der mear romte foar wetter en natuer, want by it ûnderhâld kin no alle jierren in strook fan twa meter oan wetterplanten stean bliuwe. Dat bart it iene jier oan de iene kant en it oare jier oan de oare kant. Op de wâlskanten is no plak foar libellen en reptilen. Ek ûntstiet der in skûlplak foar snoeken.

Fiskpassaazjes

Foarhinne sieten der yn it Grootdiep keardammen, dêr't fisken net omhinne koene. Dy binne no fuorthelle en ferfongen troch fiskpassaazjes.

It giet om in lingte fan sa'n tsien kilometer foar de Boven Tjonger en sân kilometer foar it Grootdiep. It projekt is meibetelle troch de Europeeske Uny.

(advertinsje)
(advertinsje)