Jubileumedysje Snitswike trochskood nei takom jier

22 apr 2020 - 19:48

De Snitswike giet dit jier definityf net troch. Dat hat de organisaasje woansdeitemiddei offisjeel bekendmakke, nei oanlieding fan it beslút fan it kabinet om alle eveneminten oant 1 septimber te skrassen.

De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte - Foto: Omrop Fryslân

De Snitswike soe dit jier oars foar de 85ste kear hâlden wurde. Dy jubileumedysje wurdt in jier opskood. De organisaasje fan de Snitswike wol noch besjen oft der yn septimber noch in wykein komt wêrby't sport en kultuer byinoar komme.

(advertinsje)
(advertinsje)