Alderen en coronapasjinten krije foarrang by pneumokokkefaksinaasje

De sûnensried advisearret om âlderein tusken de 70 en 79 jier yn de hjerst mei foarrang te faksinearjen tsjin pneumokokken, en ek eks-coronapasjinten mei longskea moatte de faksinaasje krije. Steatssekretaris Blokhuis nimt it advys oer.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Pneumokokken is in bakteriële ynfeksje, dy't gauris in longûntstekking feroarsaket. Dokter-microbiolooch Annemarie van Elsacker fan Izore: "Het kan een lelijke longontsteking veroorzaken waar mensen heel ziek van worden, en ook aan kunnen overlijden."
Dizze hjerst soe de start wêze fan in grut faksinaasjeprogramma, mar no is besletten it programma oan te passen, sadat minsken dy't der it measte oan hawwe it earst faksinearre wurde.
Hjir falle ek minsken ûnder dy't corona hân hawwe. Van Elsacker: "De pneumokokken is een bacterie die een extra risico oplevert voor mensen die een virusinfectie in de luchtwegen hebben." De baktearje komt dan boppe-op it firus, en dat kin in ekstra klap wêze foar de pasjint.
"Voor de mensen die nu corona hebben gehad, kun je verwachten dat de longen nog niet op het oude niveau zijn qua gezondheid, en dan is het ook fijn om die longen te beschermen tegen deze bacterie."
Harkje hjir nei in petear mei Annemarie Van Elsacker