Aksje nedich foar behâld doarpshuzen yn Fryslân

22 apr 2020 - 19:03

Doarpshuzen of oare moetingsplakken yn Fryslân dy't it troch it coronafirus sa dreech ha dat se op omfallen stean moatte fluch finansjele stipe krije. Dat fynt belange-organisaasje Doarpswurk. 'T Polderhuus yn Munnikebuorren, westlik fan Wolvegea is sa'n doarpshûs.

Brânbrief

Begjin april kaam Doarpswurk mei in brânbrief foar Den Haag. Dêryn roppe se op om mei deselde finansjele fergoedings te kommen foar doarsphuzen en moetingsplakken as ûndernimmers krije. Neffens Doarpswurk ha se dêryn de stipe fan de Deputearre Steaten yn Fryslân.

No seit Doarpswurk dat as in buerthûs of moetingsplak it sá dreech hat dat it op omfallen stiet se sjen sille oft se dêr boppe-op fluch oanfoljende stipe krije kinne. Se sille dan yn petear mei behearjende stiftings om te sjen oft fûnsen, provinsje of de gemeente wat betsjutte kinne.

Doarpshûs 'T Polderhuus yn Munnekebuorren - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Binende funksje

T' Polderhuus yn Munnikebuorren hat as buerthûs in binende funksje yn de regio. De fuotbalklup brûkt de grutte seal as kantine, der sit in biljertferiening, in koar, der is plak foar akkordeon, dûnsjen en de sporthal wurdt brûkt foar follybal.

Alles is sûnt in pear wiken lykwols ticht, wylst de kosten fan it gebou gewoan trochgean. "Ik hoop dat we ons kunnen voorbereiden op een anderhalve-meter samenleving, als we dan nog niet omgevallen zijn," seit sekretaris Ernst Duvert.

No't der al provinsjale stipe is foar it plan fan Doarpswurk is no it wachtsjen op de gemeenten seit Theo Andreae. "Dan kinne wy mooglik mei konkrete stappen komme."

Ernst Duver lit oan Theo Andrea fan Doarpswurk oardel meter-maatregels sjen - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Reade sifers

As de kosten foar it doarpshûs itselde bliuwe en de ynkomsten de kommende tiid lykas no útbliuwe dan skriuwt 'T Polderhuus reade sifers. "Dat zou dramatisch zijn als we daardoor omvallen, we vormen een regiofunctie omdat een stad in de buurt ontbreekt," stelt Duvert. Wolvegea leit bygelyks 12 kilometer ôfstân fan Munnikebuorren. It doarpshûs funksjonearret ûnder oare foar De Langelille, Spangea, Skerpenseel, Slikenboarch en Skoattersyl.

Ernst Duver fan de stifting De Groote Veenpolder

Theo Andrea fan Doarpswurk

(advertinsje)
(advertinsje)