Cambuur ferwachtet posityf beslút oer promoasje

22 apr 2020 - 18:54

No't der definityf in streek set is troch de kompetysje, hopet Sportklup Cambuur dat der gau dúdlikheid komt. De Ljouwerters steane op 'e drompel om te promovearjen, mar de corona-krisis driget de klup bûtenspul te setten.

Cambuurdirekteur Ard de Graaf hopet op it, yn syn eagen, meast earlike senario, en dat Cambuur promovearret. "Ik vind dat wij er recht op hebben want wij staan bovenaan. Als je de statistieken bekijkt dan heeft Cambuur 99% kans om sportief te promoveren, en als het niet sportief kan dan vind ik dat wij afgerekend moeten worden op de huidige ranglijst, en dus promoveren naar de Eredivisie."

Der is fansels noch wol kâns dat de KNVB beslút om it folsleine seizoen 2019/2020 neatich te ferklearjen. Dat soe betsjutte dat Cambuur wer by nul begjinne moat, en dus net promovearret. Dochs tinkt De Graaf net dat de KNVB dat beslute sil: "Dat vind ik een zeer demotiverende oplossing, dan heb je met z'n allen driekwart seizoen voor niets gespeeld." Dêrnjonken soene der grutte fragen komme oer bygelyks Europeeske tickets.

Juridyske stappen

Mocht de KNVB in beslút nimme dat neidielich is foar Cambuur dan hâldt de klup de doar iepen om nei juridyske mooglikheden te sjen.

Freed is dan de dei fan de wierheid. De Graaf sjocht it wol sitten: "Het is spannend, maar we hebben er wel vertrouwen in."

Foto: orange-pictures.com

Nei de coronakrisis

Sportsjoernalist Jaap Stalenburg snapt it beslút fan it regear, mar foarsjocht donkere tiden: "De KNVB kan niet heel veel anders dan wat het kabinet opgedragen heeft, en dat is onmiddellijk de competitie stilleggen."

Op dit stuit is de nije begjindatum 1 septimber mar Stalenburg hat der eins folslein gjin fertrouwen yn dat der op dy dei gewoan úteinset wurde kin mei in nij fuotbalseizoen yn Nederlân. "Ik voorzie een ernstiger scenario, dat we minstens een jaar niet voetballen", sa stelt er.

As dit yndie bart, dan soe dat grutte gefolgen hawwe kinne foar it betelle fuotbal yn ús lân, en dêr soe dan ek al oer neitocht wurde. "Achter de schermen wordt wel nagedacht over een soort deltaplan, of een rampenfonds, waar ook de overheid geld in stopt."

Dit fûns is ek hurd nedich fynt Stalenburg, want oars soe der gjin professionele klup oerbliuwe: "De televisiegelden stoppen, sponsoren komen zelf in de problemen, een rampscenario voor Nederland."

Jaap Stalenburg fertelt fierder oer de promoasjekânsen fan Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)