Ljouwerter (23) oanhâlden nei it beflybjen en biten fan agint

In 23-jierrige Ljouwerter is tiisdei oanhâlden troch de plysje, nei't hy in agint yn de finger biten hie en om't hy in plysjeman yn it gesicht flibe hie.
© Omrop Fryslân
De plysje kaam ôf op in melding fan in bedriging oan de Wijbrand de Geeststrjitte yn Ljouwert. Aginten woene de saak delbêdzje, en nei in skoftsje like dat te slagjen. De plysje soe hjirop wer fierder, mar doe waard de fertochte hiel lilk.
De 23-jierrige Ljouwerter gie dêrby folslein troch it lint en beflibe in agint. By de oanhâlding seach er kâns de oare agint yn syn finger te biten. Der wie pepperspray nedich om de man ûnder kontrôle te krijen.

Flybmasker

Yn de plysjeauto krige de man in flybmasker op, om foar te kommen dat er opnij yn de rjochting fan de plysje flybje soe. By de fertochte is woansdei foar de wissichheid in coronatest ôfnaam, om te sjen oft er besmet is mei it coronafirus.
De agint dy't beflibe waard hat oanjefte dien fan belediging en (besykjen ta) swiere mishanneling. De agint dy't yn de finger biten is, hat ek oanjefte dien fan mishanneling.