Definityf gjin IFKS Kampioenskip dit jier

Der komt definityf gjin IFKS kampioenskip skûtsjesilen dit jier. It bestjoer hat dat woansdeitemiddei besletten. Foarsitter Sicko Heldoorn neamde it 'tige spitich' dat it kampioenskip net troch gean kin.
IFKS De Lemmer © Omrop Fryslân
Tagelyk jout Heldoorn oan dat it beslút fan it kabinet om gjin grutte eveneminten ta te stean, hiel begryplik is. "We binne ek wol bliid dat it no dúdlik is'. As der wer gearkomsten holden wurde meie wol de IFKS in ledegearkomste hâlde. Dan kin der praat wurde oer mooglik noch in soarte fan 'slotwedstryd' sa seit Heldoorn. 'Mar foar in echt kampioenskip, wêrby 't der alle dagen yn fjouwer klassen syld wurdt, moatte wy wachtsje oant simmer 2021'.
It IFKS kampioenskip soe dit jier fersyld wurde fan 1 oant en mei 8 augustus. Yn 1982 waard der foar it earst syld om it IFKS kampioenskip. It is foar it earst yn dy 38 jier dat de wedstriden net trochgean.