"Kom mei in helpplan foar de Fryske kulturele- en evenemintesektor"

22 apr 2020 - 18:04

Der moat in helpplan komme foar de kulturele- en evenemintesektor yn Fryslân. Hjir pleitet festival-organisator Wiebe Kootstra foar. No't bekend wurden is dat der de folsleine simmer gjin eveneminten plakfine meie, sitte in soad belutsen bedriuwen en ZZP'ers akút yn de problemen, sa fernimt Kootstra.

Kootstra is belutsen by de organisaasje fan in grut tal festivals: fan it Fries Straatfestival en Simmerdeis oant Dokk'em Open Air en Psy Fi.

It siet der oan te kommen, in ferbod op eveneminten yn de simmer, dochs komt it as in skok. "No sjochst it effekt op alle ketenpartners. Ik hie krekt noch ien oan de tillefoan: in bedriuw dat al ferskate generaasjes bestiet en oan eveneminten en de hoareka leveret, mar no yn swier waar sit en sa binne der folle mear. Dat is it meast skrinende."

Ien belangebehertiger

Hy is benaud dat in soad bedriuwen de holle net boppe wetter hâlde oant takom jier. En dat hat grutte gefolgen foar de hiele sektor, sa seit er.

"Ik mis yn Fryslân in belangebehertiger foar de eveneminte- en kulturele sektor. We moatte sa gau as mooglik mei-inoar om tafel, mei ûndernimmers en de polityk om te sjen hoe't we it dalik wer opsette kinne. Ik fyn it needsaaklik dat der no in ploech minsken opstiet en dizze ferantwurdlikheid nei him talûkt en dat we komme mei in soarte fan Marshallplan, ék foar de kulturele en evenemintesektor."

(advertinsje)
(advertinsje)