Longdokter: "Patiënten zijn bang als ze de diagnose krijgen"

22 apr 2020 - 16:50

"Patiënten die de diagnose corona te horen krijgen, zijn bang. Er is de angst om besmet te zijn en anderen te besmetten. En dan zijn ze bang om dood te gaan en dan ook nog de manier waarop: in eenzaamheid te sterven." Dat seit longdokter Wouter van Geffen (35) dy't hast fjouwer jier yn it MCL fan Ljouwert wurket. Van Geffen behannelet no allinnich coronapasjinten. Der lizze yn it Ljouwerter sikehûs no sa'n 35 minsken dy't mei it firus besmet binne. Dêrfan leit de helte op de IC.

De dagen binne lang foar Van Geffen yn it sikehûs. En it bringen fan in fertrietlik boadskip heart by syn wurk. Seker yn dizze tiden fan corona moat hy faker fertelle dat in behanneling op de IC gjin sin mear hat. En dat binne drege petearen.

"Ik zeg waar het op staat, maak het niet mooier dan het is. Ik probeer zo eerlijk en duidelijk mogelijk te zijn. Soms worden mensen boos, sommigen vallen stil, sommigen horen alleen de eerste twee woorden die je zegt. Maar bij de meesten komt de klap wanneer ik weg ben."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dêr komt noch by de famylje der fanwege besmettingsgefaar net by wêze meie. "Dat maakt het veel moeilijker, voor mij als dokter en voor de ontvanger van de boodschap. Het eerste wat mensen willen doen is dat ze elkaar vast willen pakken, huilen met elkaar. Maar dat kan nu niet."

Boppedat komt Van Geffen "verstopt in een soort maanpak met alle beschermingsmiddelen" by de pasjint. Dat makket it net makliker om de dokter as minske te sjen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Van Geffen hopet dat de corona-krisis gau foarby giet al hâldt hy syn hert fêst. "Deze ziekte houdt niet op, ook al dalen de cijfers. Maar als ik zie hoe de mensen buiten stiekem weer toenadering zoeken, denk ik dat er weer een toename komt van de problemen."

Somtiden fielt er him machteleas, mar hy seit mei klam dat de macht fan de dokter beheind is. "De ziekte heeft de macht, wij hebben maar een paar middelen om dat de beïnvloeden. Uiteindelijk bepaalt de ziekte."

(advertinsje)
(advertinsje)