Doniahiem yn Sint-Nyk is wol bliid mei it ferlingjen fan de coronamaatregels

22 apr 2020 - 16:34

De regels foar besite oan bewenners fan ferpleechhuzen wurde noch net ferromme, dat makke premier Mark Rutte tiisdei bekend. Earder giene der lûden dat der mooglik wer in pear minsken op besite meie soene, mar it die bliken dat dit net sa wie. By wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint-Nyk binne sy dêr eigentlik wol wiis mei.

Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Miranda Hobo is lokaasjelieder fan Doniahiem, dat eins út meardere gebouwen oan de Stasjonsstrjitte bestiet. It is in soarte soarchplein, mei ferskate wenfoarmen. "Hier wonen 60 mensen in dit woonzorgcentrum. Maar we hebben ook acht bewoners met dementie op een gesloten afdeling en een aantal aanleunwoningen waar we thuiszorg aanbieden," leit Hobo út.

De coronamaatregels rinne dêrom ek wol wat útinoar. "Woonzorgcentra zijn gesloten, maar de bewoners van de aanleunwoningen mogen bijvoorbeeld nog wel bezoek ontvangen en even naar buiten."

Dûbeld stek

Foar de bewenners dy't net fuort meie, hat Doniahiem in terras opset. Mei dûbeld stek. "Zo kunnen mensen toch nog wat in contact blijven met familie. Bij één hek ga je de 1,5 meter toch al vlug voorbij, maar met twee hekken hoeven we het niet als een soort politieagent in de gaten te houden en is er voldoende afstand." Fierder binne der ek aktiviteiten lykas gymnastyk organisearre, om't de minsken der no net út komme.

It stek by Doniahiem yn Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Doniahiem bliid mei it noch net-ferromjen

Doniahiem hie wol oankommen sjoen dat de maatregels noch efkes duorje soene. "Eerder gingen er wel geruchten over een mogelijke versoepeling, dat mensen weer één of twee personen aan bezoek zouden mogen krijgen. Maar dat bleek niet zo te zijn en de mensen hier zijn daar eigenlijk wel blij mee. We hebben het nu nog buiten de deur voor hen, dat willen we wel zo houden." Neffens Hobo wurdt der mei in bakje kofje ek mei de bewenners oer sprutsen, om ûnrêst fuort te nimmen.

Besmettingen by personiel

By twa meiwurkers wie wol it coronafirus fêststeld. "Met dat personeel ben je in gesprek. Dat is anders en je moet snel gepaste maatregelen nemen. In de meeste gevallen betekent dat thuisblijven. Er waren twee medewerkers besmet, daarnaast waren er wat verdenkingen. Maar na het verruimen van de testcapaciteit konden zij getest worden, en die tests waren gelukkig negatief."

Hobo seit dat der genôch beskermingsmiddels binne by Doniahiem. "De richtlijnen van het RIVM vinden we duidelijk. Onze bewoners zien we als het ware als een gezin. Besmettingen komen van buitenaf."

Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)