Oprop BFVW en natuerfûns: "Set lân en tunen ûnder wetter om pykjes te rêden"

23 apr 2020 - 07:10

Boeren moatte ek dit jier har greiden ûnder wetter sette om de greidefûgels te helpen. Dat fine it BFVW en de stifting Agrarysk Natuerfûns Fryslân.

Skries yn in blomrike greide - Foto: Remco de Vries

Yn febrewaris wie it lân noch tige wiet, mar yntusken hawwe de sinne en de skrale wyn soarge foar skuorren yn de klaaigrûn, en op de sângrûn begjint it al te stowen. "It is oeral echt te drûch", seit Frans Kloosterman fan it BFVW.

Dat soarget foar grutte problemen foar de fûgels en har pykjes. Dy kinne gjin fretten fine en geane dan al gau dea. Kloosterman: "De pykjes komme no allegear út it aai en dy hawwe ynsektsjes nedich. Mar se komme mei de snaffel dy drûge grûn net iens yn."

Neffens it BFVW en it agrarysk natuerfûns is dêr frij maklik wat oan te dwaan, troch wetter op it lân te pompen en troch it wetterpeil yn sleatten te ferheegjen.

Partikulieren

De oprop fan beide organisaasjes jildt net allinnich foar boeren. Ek partikulieren kinne helpe. Kloosterman: "Efkes in pantsje wetter yn de tún sette is hiel moai." Bygelyks swellen kinne dan de wiete grûn brûke om har nêsten mei op te bouwen. Boppedat komme der op wiete modder ek wjirmen en ynsekten ôf, dy't fûgels brûke kinne om harren jongen te fuorjen.

BFVW-foarsitter Frans Kloosterman - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It BFVW en it natuerfûns hawwe de oprop ek alris earder dien. "Ferline jier wie ferrassend, der wiene in hiel soad reaksjes. Do seachst de boeren echt efkes in greppeltsje of de drainaazje ticht setten. We binne wiis mei de boeren dy't dat dogge." Neffens Kloosterman hat it gjin ynfloed op de bedriuwsfiering fan de boeren. "Ast in stikje wiet rinne litst, dan makket dat neat út."

Wetterskip Fryslân stiet achter it projekt. "We hawwe stipe fan it Wetterskip. It totale wetterpeil omheech bringe yn de provinsje kin fansels net, mar ast in pompke op de sleat setst, dan is dat echt net in probleem."

Foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW

(advertinsje)
(advertinsje)