Opnij aksje fan SOS Moria by Aldehou: 'Helje flechtlingebern nei Nederlân'

22 apr 2020 - 15:47

Op ferskate plakken yn Nederlân wurdt troch aksjegroep SOS Moria in needgjalp omroppen. Yn Ljouwert barde dat woansdei om 12 oere op it Aldehoustertsjerkhôf. It is in oprop oan it kabinet om flechtlingebern fan de Grykske eilannen nei Nederlân te heljen. "Er vindt een humanitaire ramp plaats op de Griekse eilanden", seit Femke Molenaar fan PAL GrienLinks.

Yn Nederlân hawwe 40 gemeenten tasein dat sy flechtlingebern opfange wolle. Op it Aldehoustertsjerkhôf fierde SOS Moria dêrom aksje. De groep wol dat it Nederlânske regear ynstimt mei de help, lykas oare lannen al dien hawwe.

It is in needgjalp, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust, dy't derby wie doe't 5 minsken fan de aksjegroep op it plein in tekst foardroegen. Harren aksje is in twingende oprop oan it kabinet om yn aksje te kommen foar de bern út 'e flechtlingekampen. Want de situaasje yn de kampen is skrinend.

Humanitêre ramp

"De hulporganisaties hebben het niet voor niks over een humanitaire ramp", seit Femke Molenaar fan PAL GrienLinks, dy't ek by it aksjefieren oanwêzich wie. "De kampen zitten overvol, er zit nu een veelvoud aan mensen in de kampen. Er moet iets gebeuren. De meest kwetsbare kinderen, kinderen die alleen reizen, moeten worden geholpen."

Foto: Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân

Molenaar fynt dat it regear ferantwurdlikens nimme moat. "In Duitsland zijn op dit moment 50 kinderen aangekomen en is de tweede lading van 50 kinderen ook die kant op. Nederland doet niks", seit Molenaar. "Daarom hebben wij het kabinet opgeroepen om solidariteit te tonen met de 10 landen in Europa die nu al kinderen opvangen, en ook met de Grieken."

Coronamaatregels

It coronafirus soarget derfoar dat de opfang fan de flechtlingebern in stik gefoeliger leit. Dochs fynt Molenaar dat dat gjin reden is om de bern net op te fangen. Boppedat binne it krekt de legere skoallen dy't no wer iepengean, seit Molenaar. "Wij laten onze kinderen ook weer naar school gaan. Het verhaal is dat kinderen het virus niet overbrengen."

'Final Call'

Yn Ljouwert hawwe de PvdA, PAL GrienLinks, de ChristenUnie en D66 earder al in moasje oannommen foar de opfang fan de bern.

Yn de Twadde Keamer is freed it úteinlike debat oer it opnimmen fan de flechtlingebern. Dêrom fiert SOS Moria op tongersdei troch it hiele lân op 'e nij aksje. "Om 2 minuten voor 12 wordt overal hetzelfde signaal afgegeven, op verschillende manieren", leit Femke Molenaar út. "Dan wordt in alle 40 gemeenten de 'final call' gemaakt."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer it aksjefieren fan SOS Moria

(advertinsje)
(advertinsje)