Raad van State: "Gjin nije gebouwen foar seldsume húsdieren"

In hobbyboer oan de Griene Dyk by Jirnsum mei definityf gjin nije berging en heaskuorre op syn hiem hawwe. Dat hat de Raad van State bepaald.
It gebou fan de Raad van State yn Den Haag © Wikipedia, Creative commons
Neffens de Raad van State hat de Jirnsumer al mear bygebouwen op syn hiem stean as neffens de regels mei. De Jirnsumer hâldt seldsume bisten en seit dat de berging en hea-opslach nedich is om dy bisten op in klimaatneutrale wize te fersoargjen.
De gemeente wiisde earder al in fersyk ôf om de gebouwen te legalisearjen. Dy passe neffens de gemeente net yn it iepen en weardefolle lânskip om de Grienedyk hinne. De Raad van State jout de gemeente dêryn gelyk.