De Wylde Swan komt dit wykein werom yn Harns

Sylskip de Wylde Swan, mei dêrop 25 Fryske skoalbern, komt dit wykein lang om let wer oan yn Fryslân. It sylskip hat dan fjouwer wiken ûnderweis west fan it Karibysk gebiet nei Nederlân.
© Facebook, Tall Ship Wylde Swan
De skoalbern soene oan board fan it grutte sylskip eins in rûnfeart meitsje troch it Karibysk gebiet. Mar troch alle coronamaatregelen die al gau bliken dat se net mear weromfleane koene. Hjirop waard it beslút naam om werom te silen.
In plande tuskenstop op de Azoaren koe net trochgean om't se fanwege besmettingsgefaar net fan board mochten fan de autoriteiten.
Snein komt it skip wer oan yn Harns. De oankomst is strak regele, neffens alle maatregelen tsjin it coronafirus, sa lit de organisator Masterskip witte.