Hurdrider ûnder ynfloed fan kokaïne

22 apr 2020 - 15:13

In 29-jierrige autobestjoerder út in doarpke by Stiens waard tiisdeitemiddei troch de plysje kontrolearre doe't er mei hege snelheid oer it Noarderfjild yn Stiens ried.

Foto: ANP

Fan de man waard in flibetest ôfnaam, dêr't út bliken die dat er ûnder ynfloed fan kokaïne wie.

De man waard hjirop troch de aginten oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr waard in bloedproef fan de autobestjoerder ôfnaam. Hy krige dêrop in rydferbod fan 24 oeren.

De útslach fan de bloedproef is noch net bekend, it bloed wurdt ûndersocht troch it Nederlânsk Forensysk Ynstitút.

Trefwurden: 
plysje drugs rydferbod
(advertinsje)
(advertinsje)