Undersyk nei ympakt fan coronakrisis op Fryske mienskip

22 apr 2020 - 15:04

Wat is de maatskiplike ympakt fan de coronakrisis op Fryslân? Op dy fraach wolle de Veiligheidsregio Fryslân en it Fries Sociaal Planbureau de kommende moannen antwurd hawwe. It ûndersyk moat de organisaasjes mear dúdlikheid jaan oer hoe't se ynspylje kinne op de gefolgen fan de krisis. De earste resultaten wurde begjin juny ferwachte.

Foto: Shutterstock

De hjoeddeistige krisis hat gefolgen foar alle ynwenners fan Fryslân en freget in soad fan minsken. Gedrach en de hâlding kin bygelyks feroarje: minsken kinne eangstiger wêze oer hoe't it har fergean sil, of iensumer trochdat sy minder sosjale kontakten hawwe. De krisis kin ek soargje foar in gruttere ienigens.

Mei dit ûndersyk wurdt dit yn kaart brocht. Hoe belibje minsken dizze krisistiid en wat docht dit mei harren? Is der noch betrouwen yn de soarch en hoe giet it mei de mantelsoargers? Hoe stiet it mei it fertrouwen yn de oerheid?

Panel Fryslân

It Fries Sociaal Planbureau (FSP) helpt de krisisorganisaasje by it yn kaart bringen fan alle relevante ynformaasje. Dêrneist set it FSP har boargerpanel yn, Panel Fryslân. Dat bestiet út in represintative groep ynwenners fan Fryslân en hat op dit stuit sa'n 6.000 leden.

Op 22 april ûntfange de leden fan Panel Fryslân in ekstra fragelist om feroarings yn gedrach en hâlding ûnder de hjoeddeistige krisis yn kaart te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)