Professor oer ekonomyske situaasje Fryslân: "Wy hawwe djippe bûsen"

Kappers kinne gjin klanten ûntfange, de hoareka hat gjin omset, de evenemintensektor leit stil, de útstjoerbrânsj meldt dat de omset mei 30 persint omleech gien is, it konsumintebetrouwen is ynstoart. En yntusken hat it kabinet al 19 miljard euro útjûn oan stipemaatregels. Hoe moat dat ea allegear betelle wurde? Wat betsjut dit foar de Fryske ekonomy?
Prof. dr. Jouke van Dijk © Jouke van Dijk
Prof. dr. Jouke van Dijk is heechlearaar Regionale Arbeidsmerkanalyze by Ryksuniversiteit Grins. Hy wit in soad fan de arbeidsmerk en fan de regionale ekonomy. Ek is Van Dijk foarsitter van de Sociaal-Economische Raad (SER) Noord-Nederland.

"De wrâld fergiet noch net"

Van Dijk oer de parsekonferinsje fan it kabinet: "Ik skrok tiisdei wol, want sy seine eins neat oer de ekonomy. Benammen foar toerisme en hoareka is it dreech. It seizoen sit der no oan te kommen. De maaiefakânsje soe der oars oankomme, de festivals binne ek skrast." It jout in grutte klap, mar it is neffens him ek net sa dat de wrâld fergiet. "Der hat in ûndersyk west dat sa'n 15 persint fan de beroppen der echt lêst fan hat. Lykas hoareka, de helte dêrfan sit yn de soarch. Mar it grutste part, 85 persint, kin ek wol aardich troch. Aanst kinne de bern wer wat nei skoalle, dat jout ek wer wat romte foar de wurkjende minsken."
It regear hat wol in ferantwurdlikens foar de minsken, fynt Van Dijk. "Dêr haw ik tiisdei neat oer heard. ZZP'ers en hoarekaminsken reitsje harren baan kwyt. Bedriuwen geane oer de kop. Ik soe sizze: de regelingen moatte dúdliker en langer duorje om dat te beheinen."

Stipe oan oare lannen

De 19 miljard dy't it kabinet tasein hat, neamt Van Dijk mar 'peanuts.' "Wy diene it ekonomysk tige goed en hawwe sunich west. Dêr hawwe wy no foardiel fan. Dat sei de minister ek, wy hawwe djippe bûsen. As it in healjier duorret en it bliuwt beheind, dan moatte se efkes de beurs lûke, mar dan kin it wol. De lannen om ús hinne hawwe der mear lêst fan as wy." En dy lannen moatte neffens Van Dijk wol holpen wurde as it aanst hiel min giet. "Nederlân is ien fan de lannen dy't hiel bot profitearret fan Europa. Dus wy wolle ek net dat Italië en Spanje it te dreech krije."
Prof. dr. Jouke van Dijk oer de ekonomyske situaasje fan Fryslân