'Eveneminten Skarsterlân goedkeaper'

15 nov 2011 - 10:44

As de gemeente Skarsterlân dranghekken of skjinmakkers leveret, dan soene eveneminten yn dy gemeente mooglik ta kinne mei wat minder subsydzje. Dat tinkt it CDA yn dy gemeente. Eveneminten yn Skarsterlân hawwe hieltyd mear konkurrinsje út gemeenten deromhinne, lykas Hearrenfean en Snits.

De riedskommisje yn Skarsterlân prate moandei oer it evenemintebelied foar it kommend jier. Neffens it CDA binne der mear knipepunten. Sa is yn it evenemintebeleid de eintiid fan it biertaapjen om healwei twaen nachts. De slutingstiid is lykwols om twa oere. Dat kin net, tinkt Aukje de Jong fan it CDA. Bekende eveneminten yn de gemeente Skarsterlân binne ûnder oare de ballonfeesten en de boerebrulloft.

Trefwurden: 
eveneminten
(advertinsje)