Sinne, spesjaal ûnderwiis-skoalle yn Snits: "In lege skoalle is neat oan"

22 apr 2020 - 13:50

Oer goed twa wiken meie de basisskoallen yn Nederlân wer iepen. By Sinne, in skoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Snits, binne se al drok dwaande mei de tariedingen. Peter Zeldenrust, direkteur fan de Sinne-skoalle: "In lege skoalle is neat oan. Wy wolle hiel graach wer oan 'e slach."

Tiisdei die it kabinet de meidieling dat it basisskoalle-ûnderwiis ynkoarten wer iepengean sil: it is in earste lytse ferromming fan de coronamaatregels. Sadwaande moatte skoallen no neitinke oer hoe't se dat feilich oanpakke kinne.

Foar in skoalle as Sinne, dêr't se spesjaal leger- én fuortset ûnderwiis jouwe, komme guon saken krekt efkes oars. "Foar bern oant 12 jier gean wy yn alle gefallen aanst wer iepen", seit direkteur Peter Zeldenrust. "Der wurdt sjoen nei hoe't wy dat organisearje sille, bygelyks nei hokker bern wy op hokker tiden hawwe sille."

Genôch sjippe

Zeldenrust neamt noch inkelde foarbylden dêr't de skoalle rekken mei hâlde moat: sa moat der fansels genôch sjippe foar hannen wêze of moatte leararen aanst moffen brûke. "Wy hawwe ek bern dy't soms ferskjinne wurde moatte. Dêr moatte wy ek oer neitinke", seit Zeldenrust.

Foto: Sinne I Google Street View

Oandwaning

Boppedat is it net foar eltse learling ferstannich om ynkoarten wer nei skoalle te gean. "Der binne ek bern dy't in oandwaning hawwe oan it hert of oan de longen. Wêr dogge wy ferstannich oan, hoe kinne wy soks goed dwaan? Dat binne wy oan it oerlizzen mei de GGD en de âlden." En om't der dêrneist ek leararen binne foar wa't it firus konsekwinsjes hat, is de skoalle dêroer drok yn petear.

"In lege skoalle is neat oan"

De Sinne hat noch inkelde wiken om, sa as Zeldenrust seit, aanst dochs safolle mooglik learlingen wer nei skoalle te krijen. Zeldenrust: "In lege skoalle is neat oan. De kollega's wolle hiel graach wer oan e slach en ik tink dat de bern der ek nocht oan hawwe."

Peter Zeldenrust fan de Sinne-skoalle yn Snits

(advertinsje)
(advertinsje)