Thialf seit hierkontrakt mei UNIS Flyers op

Thialf seit it hierkontrakt mei de UNIS Flyers mei yngong fan 1 july op. De iishockeyklup fan It Hearrenfean moat no ûnderhannelje oer in nij kontrakt. Dat hat alles te krijen mei de finansjele situaasje fan Thialf. It opsizzen fan it kontrakt komt neffens Flyers-foarsitter Henk Hoekstra net as in ferrassing, it giet om in formele opsizzing. Thialf hat op dit stuit de ôfrinnende kontrakten mei alle partijen foarearst opsein.
© Omrop Fryslân
"Beide partijen koene elk jier opsizze. Dat moat dan trije moanne foar de ein fan it seizoen. It betsjut dat we no wer om tafel moatte mei de partijen en sjen dat we wer ta in nije oerienkomst komme kinne."
Neffens Hoekstra kinne de Flyers net ferhûzje nei Ljouwert. "Wy binne in klup fan It Hearrenfean. We kinne der wolris ynsidinteel traine, mar de fuotbalklup fan It Hearrenfean giet ek net yn it Cambuurstadion trainen."
© UNIS Flyers
Dat soe miskien betsjutte dat de hier flink omheech giet foar de Flyers. "De petearen moatte reëel wêze. Wy binne ien fan de djoersten yn Nederlân kwa hier dy't we betelje. En we moatte soargje dat de sport him ûntwikkeljen en sûn bliuwt. Dy balâns moatte je fine. Neffens my wiene de prizen dy't we ôfrûne jier hiene dêr prima foar."

Ynvestearrings

Thialf stiet der finansjeel min foar. It reedrydstadion hat in tekoart fan hast 700.000 euro en dat rint it kommende jier fierder op. De Flyers wolle yn it nije kontrakt graach nije ôfspraken meitsje oer ynvestearrings. "We hawwe al oanjûn dat de baan net hielendal safe wie, by de feiligens fan de iishockeybaan stiene noch fraachtekens by, der sieten gatten yn de netten, by de flier sitte ek fraachtekens. Dat binne ek ûnderdielen fan it kontrakt."
Henk Hoekstra, foarsitter fan UNIS Flyers